Hoofdmenu
Wolkom bij de toanielferiening Meiinoar Ien.
Meiinoar Ien is de toanielferiening fan Drylts, dy't al meer as 60 jier bestiet.
Op dizze site fine jo ynformaasje, foto's en spieldata.
Sjoch mar ris en wa wit komme jo yn de takomst bij ien fan us foarstellings.
Sneon 31 maart spilet toanielferiening Meiinoar Ien : de Flet fan Jet,in klucht fan Haye fan der Heyden.
Net in gewoane klucht fansels, mar wol in echte, mei troubrek en it iene misferstân nei it oare. Alles der op en der oan.
We hoopje jim wolkom te hjitten op sneontejoun 31 maart yn de Utherne. Tiid: 20.00 oere.
We sykje nije spilers. Jong, âld, man, frou........Wolkom!
Of, as spyljen net oansprekt: we hawwe ek ferlet fan minsken, dy't helpe wolle bij lûd , ljocht
en omballingen.
It wurdt foar ús hieltyd dreecher om yn in winterskoft twa stikken op de planken te setten omdat we eins te min spilers hawwe.
Guon fan de spilers fielt sich hast te âld , te krebintich of krije it te drok mei oare dingen om twa kear yn ien winterskoft te spyljen.
Der wurde sokke moaie stikken útjoun, mar helte fan de tiid giet it oan ús foarbei omdat we sa'n stik net besette kinne.
It soe hiel moai wêze as we mei help fan nije, enthousiaste minsken ús toanielferiening
in goeie takomst jaan kinne.
Kom ris langs op in repetysjejoun! Fan herte wolkom!
(foar fragen: 0515-